Prorail benaderet boeren by spoar fanwege losrinnende bisten

© ANP
Losrinnende bisten by it spoar fersteure it treinferkear yn Nederlân noch te faak, seit ProRail. Neffens de organisaasje giet it yn Fryslân foaral om kij dy't troch in stikken stek of in dimpte sleat rinne, en om hûnen dy't útlitten wurde by it spoar del.
Yn 2016 notearre ProRail lanlik 144 steuringen troch fee by it spoar. Dêrtroch rieden 360 treinen mei fertraging of se rieden hielendal net.
Om dat tal te ferminderje nimt ProRail maatregels. Sa wolle se aktiver wêze yn it opspoaren en oansprekken fan boeren dy't harren stekken by it spoar del net op oarder hawwe.