Gjin heger berop brân De Kelders

01 aug 2017 - 15:39
De gebouwen oan de Kelders moasten nei de brân sloopt wurde - Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides


It iepenbier ministearje giet net yn heger berop yn de saak oer de brân op de Kelders yn Ljouwert. By de brân, yn oktober 2013, kaam in 24-jierrige studint om it libben.

Ferline wike spruts de rjochtbank eigener Feddema frij fan dea troch skuld. Der wie trije moanne selstraf op betingst tsjin him easke. It gebou foldie neffens de rjochtbank net oan de brânfeiligenseasken, mar dat feit wie net foldwaande om dea troch skuld op te lizzen. Ek is der gjin wetlike keuringsplicht of keurmerk foar gebouwen, en dus wie it net dúdlik dat it gebou net op oarder wêze soe. Om dy redenen komt der gjin heger berop yn de saak. De neibesteanden fan de omkommen studint binne op de hichte steld fan dit beslút.

Trefwurden: 
De Kelders brân heger berop
(Advertinsje)
(Advertinsje)