SC Hearrenfean presintearret nije spiler Lucas Woudenberg

01 aug 2017 - 14:56

Sportclub Hearrenfean hat tiisdeitemiddei wer in nije spiler presintearre. It giet om de 23-jierrige linksback Lucas Woudenberg, dy't per direkt oerkomt fan Feyenoord. Hy hat in kontrakt tekene foar twa jier.

Woudenberg hie by Feyenoord noch in ferbyntenis oant de simmer fan 2019. Woudenberg spile sûnt syn tsiende by dy klup. Hy waard in tal seizoenen ferhierd, mar spile ferline jier wer foar Feyenoord, om krekt te wêzen yn acht kompetysjeduels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)