Plysje: "Reagearje net op driichbrieven"

01 aug 2017 - 14:50
Foto: ANP

De plysje op It Hearrenfean warskôget foar driichbrieven dy't op adressen oan De Munt en De Jutte ferspraat binne. Yn de brieven wurdt om jild frege. As minsken net betelje, sille der falske beskuldigings oer harren ferspraat wurde, sa stiet yn it brief.

De plysje jout it advys om net op it brief yn te gean. De ûntfangers moatte kontakt opnimme mei de plysje. Tsjûgen wurdt frege harren te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)