Drachtster soe behannele wurde moatte foar brânstichting

01 aug 2017 - 13:59
Foto: stock.xchng, tempqp

In man fan 33 út Drachten moat ferplichte behannele wurde fanwege brânstichting. Dat wol it Iepenbier Ministearje. It IM fynt bewiisd dat de man ferline jier juny brân stichte hat yn in portyk fan in flat oan de Warande yn Drachten.

By de sitting ûntkende de man de brânstichting, by de ferhoaren soe er it wol tajûn hawwe. Yn de flat fan de man waard allegear guod fûn dêr't brân mei makke wurde kin.

It Iepenbier Ministearje wol dat de man in jier lang yn in ynstelling behannele wurdt en dêrnei noch thús. Ek soe er trije jier gjin alkohol drinke meie en feroardiele wurde moatte ta in tal dagen sel. Op 15 augustus wurdt bekend oft de rjochtbank mei giet yn de eask fan it ministearje.

Trefwurden: 
brân brânstichting Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)