Twa toppartoeren snein net yn aksje op keatspartij Wytmarsum

01 aug 2017 - 13:40

Op de keatslist fan de haadklasse frije formaasjepartij snein yn Wytmarsum, ûntbrekke de partoeren fan Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar en fan Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. Beide partoeren hawwe har net opjûn. Dy opjefte hie der moandeitejûn foar sân oere wêze moatten. Bauke Triemstra en Hans Wassenaar ferklearje beide dat sy ferjitten binne har op te jaan.

Beide hawwe noch besocht op de list te kommen, mar KNKB direkteur Geert Faber haldt him oan de regels: te let is te let. Foar de frije formaasjepartij yn Wytmarsum hawwe har úteinliks mar njoggen partoeren opjûn. Dat is in behoarlike devaluaasje fan in klassiker yn keatslân, de Haye Rijpma partij.

Trefwurden: 
keatsen Wytmarsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)