Elske DeWall net mei it Metropole Orkest

01 aug 2017 - 13:06

Sjongeres Elske DeWall is der net yn slagge om fia publyksstimmen in opname te winnen mei it Metropole Orkest. Se is op it sechsde plak einige. It Metropole Orkest hie in wedstriid útskreaun wêrby elkenien op in artyst stimme koe. De winner mei in nûmer mei it ferneamde orkest opnimme. Rûnom yn de provinsje is hjirfoar ek reklame makke mei grutte buorden. Om 12 oere tiisdeitemiddei is de stimbus sletten.

De Nederlânske band Epica is de winner wurden. Yn totaal binne goed 650 artysten foardroegen en is der mear as 67.000 kear stimd. Ek oare Fryske artysten lykas Scrum, Hessel en Tess en Danny Panadero diene mei. Sy einigen net yn de top 10.

Trefwurden: 
Elske DeWall
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)