Drokte op groeiende studintekampus Ljouwert

01 aug 2017 - 12:49

Op de studintekampus yn Ljouwert komt nei alle gedachten noch in fjirde studinteflat foar 300 studinten. Studintehúsfester Student Stay tinkt dat der noch genôch groei yn de Fryske haadstêd sit. De arsjitekt fan Student Stay is al yn oerlis mei de gemeente oer de nij te bouwen flat. Der is plak foar yn it bestimmingsplan. De nije flat soe tusken swimbad De Blauwe Golf en de Ljouwerter skoallemienskip komme moatte, yn it ferlingde fan de trije flats dy't der al steane.

Dy tredde flat wurdt oer fjirtjin dagen oplevere. Dêrom wurdt der op dit stuit hiel hurd wurke om 104 studintekeamers op tiid ôf te krijen foar it nije kolleezjejier.

Yn de trije flats komme 300 bûtenlânske studinten te wenjen. Sy meie dêr maksimaal in jier wenje. Boufakkers en skilders binne drok mei de ôfwurking fan it gebou en tagelyk binne der ek fakânsjewurkers dwaande om de meubels yninoar te setten, want de flats wurde meubilearre ferhierd.

Trefwurden: 
studintekampus Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)