Frysk telefyzjeprogramma mooglik yn Tsjechië te sjen

01 aug 2017 - 12:12

Yn Tsjechië is fraach nei de programma’s fan Omrop Fryslân dy’t meidien hawwe oan de Prix CIRCOM 2017. CIRCOM is in assosjaasje fan regionale, troch de oerheid finansiere, omroppen. De Prix CIRCOM is in priis dy’t de regionale omroppen stimulearret om kreatyf te wêzen. Der diene ferskillende Omrop-programma’s mei oan de Prix CIRCOM lykas: It Swarte Goud, Kening Hert en Harry Hazze en Mohamed yn Fryslân. Kening Hert en Harry Hazze wûn doe yn de kategory ferdivedaasje.

Der is yn Tsjechië foaral ynteresse foar it programma ‘Mohamed yn Fryslân’, dat giet oer Mohamed, in Syryske flechtling dy’t in nij libben opbout yn Nederlân. Neffens de sjuery fan CIRCOM is it in krêftich ferhaal, foaral oer hoefier hy rûn hat mei syn famylje. It programma soe brûkt wurde foar Kanaal 2 yn Tsjechië en der komt Tsjechyske ‘‘voice over’ by'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)