Tsjûge ûngelok Waskemar kin plysje net helpe

01 aug 2017 - 11:41
Foto: De Vries Media

De tsjûge fan it slimme ûngelok op snein 23 july yn Waskemar hat him by de plysje melden, mar koe neat sizze oer de tadracht fan it ûngelok. De plysje hat moandeitejûn mei de man praat, mar dy hat net sjoen hoe't it ûngelok barde.

Troch noch ûnbekende oarsaak rekke in auto oan de Compagnonswei te wetter. Yn de auto sieten seis persoanen. Fjouwer fan harren moasten nei it sikehûs. Omwenners ferklearren dat in man mooglik tsjûge west hie.

Trefwurden: 
ûngelok Waskemar
(Advertinsje)
(Advertinsje)