WoonFriesland ferkeapet soarchwenten

01 aug 2017 - 11:38
De webside fan WoonFriesland - Foto: Omrop Fryslân

Wenningkorporaasje WoonFriesland hat har soarchfêstgoed ferkocht oan belizzer Estea Driestar. It giet om 900 wenten, ferdield oer 43 soarchlokaasjes. Om derfoar te soargjen dat de hierders sa min mooglik fan de oername fernimme, bliuwt WoonFriesland noch twa jier belutsen by it soarchfêstgoed.

De wenningkorporaasje ynvestearret de opbringsten fan de ferkeap yn it fierder duorsum meitsjen en betelber hâlden fan de huzen. Neist de soarchpoat, wol WoonFriesland ek har bedriuwsportefúlje en it maatskiplik ûnreplik goed ferkeapje. De ferkeap fan de trije ûnderdielen moat yn totaal 160 miljoen euro opsmite.

Trefwurden: 
WoonFriesland soarchwenten
(Advertinsje)
(Advertinsje)