Wurkklimaat De Marwei is gâns positiver as yn de Rânestêd

01 aug 2017 - 10:58

It wurkklimaat yn finzenis De Marwei yn Ljouwert is net sa min as it lanlike byld dat de sintrale ûndernimmingsried sketst. Dy hat it oer in 'verziekte werksfeer' mei temin goed opliede bewarders en ôfspraken dy't net neikaam wurde. Dat spilet neffens Roelof Sijtsema fan de sintrale ûndernimmingsried benammen yn it westen en net yn De Marwei.

"Wy ha hjir goed opliede minsken en wurkje hast net mei ekstern ynhierde befeiligers. It syktefersom leit hjir dan ek hiel leech", seit Sijtsema. Der binne neffens him wol hieltyd mear problemen mei de opfang en begelieding fan minsken mei in psychyske steuring. Dizze groep moat mear begelieding ha en der is it personielsbestân net op oanpast. De spesjale ôfdieling dêr't dizze groep fêstsit, soe útwreide wurde moatte.

Trefwurden: 
finzenis De Marwei Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)