Kollum: "Olé...."

01 aug 2017 - 08:21

"Oer it algemien sjoch ik mysels as in freedsum man. Toch wurd ik ienkear yn de safolle tiid konfrontearre mei de tsjustere kanten fan mysels. Foarige wike iepenbiere him ien dêrfan -en net foar it earst- doe’t ik in filmke fan in matador seach dy’t troch in bolle op de hoarnen naam waard. It bist hie in nekke fol banderillas te hingjen en it bloed streamde him by de bealch del.

De matador stie op de teannen, wibele in read stokje foar de kop fan de bolle en makke in pear ballet-achtige bewegings, doe’t de bolle ynienen in skoat die en him op de hoarnen spytste. Op dat stuit fielde ik in foldwaning dy’t op it rantsje fan moardsuchtigens balansearre. It kin net, it mei net, dêr leit in minske dy’t stjerre sil, en toch koe ik oars net tinke as: it komt dy ta. Yn juny stoar de 36-jierrige matador Iván Fandiño doe’t er oer de reade lape, de muleta, stroffele, en de bolle him yn al syn wanhopige dwylsin nei de ivige jachtfjilden stjoerde. Ek doe tocht ik itselde en ûndergie ik it as rjochtfeardigens.

Bollefjochterij is in part fan de kultuer, in iuwenâlde tradysje. Yn 2016 is it ta ‘ymmaterieel kultureel erfgoed’ fan Spanje ferklearre. Dat wie oanlieding foar it Spaansk Grûnwetlik Hof om it ferbod op bollefjochterij, dat Catalonië ynsteld hie, fan de tafel te reagjen.

Kultueren en tradysjes: ik fyn it prachtich, en fyn dat wy alle war dwaan moatte om soks yn stân te hâlden. Behalve wannear’t it mei dea en skeinen te krijen hat. Yn it gefal fan de bollefjochterij ha wy it ek nochris oer in ûnearlike striid. Want de toros bravos, de bollen dy’t spesjaal fokt wurde foar it fjochtsjen yn de arena, wurde dêr net mei de bêste kondysje ynjage. Fantefoaren wurdt it bist yn in tsjustere, skean pleatste kiste treaun. Dy bolle besiket oanienwei oerein te klauwen, dêr’t er dus deawurch fan wurdt. Meastentiids ha se it bist ek gjin iten jûn, mar sâlt wetter dêr’t er fan útdrûget. Is de bolle dan noch te dryst en te sterk, dan huffe se him mei sekken sân op de nieren om him te ferswakjen.

Sels dan noch doarre de minsken dêr omhinne de fjochterij in ‘moaie, symboalyske striid tusken goed en kwea’ te neamen, wêrby’t de stier foar it kwea stiet, in ‘blyk fan wurdearring en ûntsach foar de kracht fan it bist’, in ‘miks fan keunst, dûns en in ultime utering fan manlikheid’. Op myn beurt fyn ik it walchlik, kloatsekkerich en achterhelle. It gegeven dat ik foldwaning fiel op it momint dat in matador spytst wurdt, makket my moreel sjoen trouwens like slim as de fjochters dêr’t ik op spui.

Dat is ien fan de tsjustere kanten dêr’t ik sa no en dan mei konfrontearre wurd. It iennichste ferlechje dat ik ha, is dat myn eigen barbaarskens oanfjurre wurdt troch in ûnearlike striid en bistemishanneling. It iennichste ferlechje om ‘olé’ te flústerjen as in matador ûnder de foet rûn wurdt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)