Weagen streame yn 3D Amelanner Clemenstsjerke yn

01 aug 2017 - 06:25

De Sint Clemenstsjerke op It Amelân hat sûnt moandei in trijediminsjonale triomfbôge. Keunstskilders Randolph Algera en Gabriëlle Westra fan Art-Decor fan It Hearrenfean hawwe earst wikenlang dwaande west mei it beskilderjen fan de doeken oan de wâl. Moandei brochten se de oprôle doeken nei it eilân ta om se yn tsjerke op te hingjen. ''Dat is natuurlijk een spannend moment of alles past zoals wij het van te voren hadden uitgedacht."

Brân

De Sint Clemenstsjerke baarnde yn febrewaris 2013 hast folslein ôf. Al rillegau waard de weropbou yn gong set. De lêste oardel jier is der benammen wurke oan it fernijde ynterieur fan de tsjerke dêr't Algera in totaalkonsept foar betocht om it tema Eb en Floed hinne. It tema fan de triomfbôge is dêr in goed foarbyld fan. "Op de linkerkant van de triomfboog zie je Jezus die zijn hand uitreikt aan Petrus en andere discipelen. Ze verkeren in een heftige storm en moeten vertrouwen hebben en geloven dat het goed komt." Op de rjochterkant fan de triomfbôge is ek in taferiel op it wetter te sjen. "Daar zie je vissers die de wonderbaarlijke visvangst doen. Hun vissersbootje helt bijna over door het gewicht van de vissen."

Weagen streame tsjerke yn

Minsken dy't nei it tafriel sjogge fiele de weagen op har ôfkommen. "Dat is ook de bedoeling en eigenlijk ook wel uniek als je naar kerkkunst kijkt", leit Algera út. "De golven moeten als het ware de kerk bijna instromen. Het moet heel dicht bij de kijker komen." Op de triomfbôge binne de dissipelen ôfbylde sûnder burd. It soenen samar manlju fan dizze tiid wêze kinne. "We hebben bewust de lange baarden weggelaten, we willen juist een verhaal van deze tijd vertellen."

De tsjerke is al sûnt desimber foarich jier wer yn gebrûk. "Al die tijd hebben de parochianen tegen een lege gele muur aangekeken. Nu brengen wij opeens heel veel kleur aan. Ik ben benieuwd wat de kerkgangers en andere eilanders ervan vinden", seit Algera.

(Advertinsje)
(Advertinsje)