FIDEO: WK-winnende korpsen werom yn it heitelân
De farkse Fryske muzikale wrâldkampioenen wurde pas nei de simmer huldige. Fryslân hat der dit wykein twa wrâldkampioenen by krigen. Showband Takostu út Stiens en it Pasveerkorps fan Ljouwert hellen op it Wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade beide in wrâldtitel binnen. De ien yn de kategory marsparade, en de oare op it ûnderdiel show.