NWVA warskôget foar besmette aaien: daliks weismite

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) warskôget dat der besmette aaien op de merk binne dy't konsuminten net ite moatte. It giet om aaien mei de koade X-NL-40155XX. De koade stiet op de aaien. De aaien binne besmet mei de fergiftige stof Fipronil, in ynsektiside dat brûkt wurdt tsjin luzen, flieën en tiken. Meiinoar binne by tritich bedriuwen aaien fûn dy't besmet binne. Op de aaien fan it bedriuw mei de earder neamde koade is it Fipronilgehalte sa heech dat it akút gefaar opsmyt foar de folkssûnens, foaral foar bern. Konsuminten wurdt oanret om de aaien wei te smiten.
De NVWA warskôget fierders om gjin aaien te iten mei de koades X-NL-43113XX, X-NL-43326XX, X-NL-43835XX, X-NL-42766XX, X-NL-42071XX, X-NL-43514XX, X-NL-41679XX, X-NL-43879XX, X-NL-43640XX, X-NL-42659XX. Het Fipronilgehalte dêrfan is heger as tastien foar bern dy't in langere perioade faak aaien ite.
De NVWA ûntduts ferline wike dat in luzebestrider by in grut tal bedriuwen Fipronil brûkt hat. It middel is net tastien yn de plomfeehâlderij. Yntusken hat de keuringstsjinst 180 hinnebedriuwen dy't aaien leverje, stillein. Al dy bedriuwen moatte harren aaien weromroppe.