Mear boaten yn haven Prinsetún yn Ljouwert

31 jul 2017 - 20:08

De binnenhaven yn de Ljouwerter Prinsetún hat it dizze simmer drokker as de ôfrûne jierren. Dat komt ûnder oare troch it wiete waar fan de ôfrûne wiken, mar ek troch de goede reputaasje fan de haven ûnder wettersporters. Guon neame it sels 'de moaiste binnenhaven fan Nederlân' en komme alle jierren werom. Mar de haven lûkt ek aardich wat bûtenlanners., foaral Dútsers, mar ek Skandinaviërs en gasten út oare lannen.

Neffens havenmaster Dolf Velde hat de haven dizze simmer no al sa'n achthûndert oant njoggenhûndert boaten mear hân as ferline jier yn deselde perioade. De besetting wikselet no tusken de 180 oant 190 boaten. Dêr is altyd wol plak foar. By grutte drokte, benammen yn de wykeinen, moatte de wettersporters gauris dûbellizze. Velde is dizze perioade net in soad op syn kantoar te finen. Hy reiziget op syn griene tsjinstfyts alle lisplakken bydel om mei de gasten te praten en ynformaasjepakketsjes oer Ljouwert út te dielen.

It lisjild is yn Ljouwert 1,16 euro de meter de nacht. Dat kin betelle wurde oan in spesjale lisjildautomaat. Foar de gasten dy't oan de Noardersingel lizze, fart in pontsje hinne en wer nei de Prinsetún, sadat de minsken minder fier hoege te rinnen nei it toiletgebou en binnenstêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)