2011 gjin goed jier foar hotel

30 maaie 2012 - 15:37

Hotels yn Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe yn 2011 flink minder fertsjinne. De opbringst per hotelkeamer is mei 7% sakke. Dat komt foaral omdat de gasten minder jild útjouwe yn de bar en it restaurant. Der wiene ek minder feesten en kongressen yn de hotels.

Ien en oar docht bliken út jierliks ûndersyk fan KPMG ûnder 300 hotels yn hiel Nederlân. In soad hotels hawwe jildproblemen, sy moatte bygelyks ûnderhâld útstelle, litte hotelgasten faker foarút betelje en hawwe minder minsken yn tsjinst.

De noardlike hotels hiene ek lêst fan wat minder besikers. Lanlik is de besetting krekt wat tanommen.

Trefwurden: 
hotels KPMG
(Advertinsje)
(Advertinsje)