Gjin botsing favoriten by earste omloop 164e PC

31 jul 2017 - 18:59

De lotting foar de 164e PC yn de Korenbeurs fan Frjentsjer hat moandei gjin konfrontaasje tusken de grutste favoriten opsmiten yn de earste omloop. Wol hat it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra, dat as grutste favoryt foar de oerwinning sjoen wurdt, op papier in frij drege lotting. Sy komme yn de earste omloop út tsjin it sterke partoer Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. Oer de partij leit wol in skaad. It is noch ûnwis oft Bruinsma fanwege famylje-omstannichheden wol yn aksje komme sil. Hy wurdt mooglik ferfongen troch Jouke Bosje.

De winners fan ferline jier, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra, nimme it mei harren nije maat Enno Kingma yn de earste omloop op tsjin it partoer mei Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong. De PC is oansteande woansdei. Omrop Fryslân hat de hiele dei wiidweidich omtinken foar de PC, op radio en telefyzje.

<strong>De folsleine lotting</strong>

1. Bauke Triemstra 2. Elgar Boersma
Alle Jan Anema Bauke Dijkstra
Hendrik Kootstra Willem Heeringa
-
3. Johan Diertens 4. Durk Ennema
Hyltje Bosma Pieter van de Schoot
Steven de Bruin Laas Pieter van Straten
-
5. Hendrik Tolsma 6. Enno Kingma
Allard Hoekstra Renze Pieter Hiemstra
Sjoerd de Jong Hans Wassenaar
-
7. Peter van Zuiden 8. Johannes van der Veen
Kees van der Schoot Hendrik Jan van der Velde
Evert Pieter Tolsma Thomas van Zuiden
-
9. Gert-Anne van der Bos 10. Menno van Zwieten
Taeke Triemstra Hylke Bruinsma
Tjisse Steenstra Erwin Zijlstra
-
11. Marten Bergsma 12. Arnold Zijlstra
Dylan Drent Pieter Jan Plat
Patrick Scheepstra Haye Jan Nicolay
-
13. Jelte Pieter Dijkstra 14. Jelle Attema
Pier Piersma Jacob Klaas Haitsma
Jan Schurer Hillebrand Visser
-
15. Auke Boomsma 16. Wierd Baarda
Jelle Jaap Stiemsma Marco de Groot
Sip Jaap Bos Douwe Anema
-
Trefwurden: 
PC lotting keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)