Dútser Poock wint foar de sechsde kear Fjoertoerrun Amelân

31 jul 2017 - 17:38
De winners fan de Fjoertoerrun fan It Amelân - Foto: Jeanet de Jong

Jörg Poock út Dútslân hat foar de sechsde kear de Amelanner Fjoertoerrun wûn. Poock hie 51,16 sekonde nedich om boppeyn de toer te kommen. Dêrmei ferbettere er net it rekôr fan 49,18 sekonde. Dat stiet sûnt 2013 op namme fan de Ljouwerter Klaas Modderman. Dy die dit jier ek mei, mar slagge der net yn om fierder te kommen as in tredde priis, omdat er net spesjaal traind hie.

By de froulju gie de priis nei Feline Schepers en by de jeugd nei Mats Brokke.

Trefwurden: 
fjoertoerrun It Amelân
(Advertinsje)
(Advertinsje)