Stellen skilderij skieppekop werom yn galery

31 jul 2017 - 17:19

It skilderij mei in skieppekop fan keunstneres Doet Boersma fan Ljouwert is wer boppe wetter. It crimeteam fan de plysje hat it fûn by in drugsferslaafde út Ljouwert. It skilderij waard yn febrewaris stellen út de galery fan Boersma.

In froulike balymeiwurker fan in bedriuw oan de oare kant fan de strjitte makke dêr doe foto's fan, omdat se de saak net fertroude. Mei dy foto's is de dief úteinlik opspoard.

(advertinsje)
(advertinsje)