Gouden Frânske munten fûn by opgravings Himmelum

31 jul 2017 - 17:06

By archeologyske opgravingen krekt bûten Himmelum binne twa gouden Frânske munten fûn. It giet om saneamde skyldmunten dy't yn fjirtjinde iuw, yn de tiid fan Filips Vl, brûkt waarden.

Grutte histoaryske wearde

De fynst wurdt sjoen as in topstik, al is de finansjele wearde heechút in pear tûzen euro it stik. Neffens gemeentlik archeolooch Yvonne Boonstra is it histoarysk sjoen wol fan grutte wearde: "Yn dy tiid hie net elk gouden munten by him. It kleaster stelde dus wol wat foar en der waarden wichtich saken dien."

Ierdewurk

Njonken de gouden munten waard ek Dútsk diggelguod, lyts brûkers-ierdewurk, in kûgelpot en in stik fan in sarkofaach oantroffen.

Bonkerak fan hynder

De gemeente Súwest-Fryslân wol mei it guod dat fûn is yn de regio it ferhaal fan it Nikolaaskleaster fertelle. De fynst fan in mysterieus bonkerak fan in hynder sil dêr nei alle gedachten in rol yn spylje as it hynder fan Sint Nikolaas. De opgravingen by Himmelum binne dien fanwege de oanlis fan in rûnwei om it doarp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)