Fryske festivals yn augustus: wêr moatte wy hinne?

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Simmer yn Fryslân! De PC, de Snitswike, de Freule….wy kenne se allegearre wol, mar wat no ast neat mei al dy simmersporten hast, is der dan noch wol in aardige en spannende simmer yn Fryslân mooglik? Gjin noed, want ús provinsje hat oankommende augustus in grut ferskaat oan allerhanne festivals. En dêr sitte ek fêst wol wat eveneminten foar dy by. Wy hawwe foar dy in handige gids makke, sadatst yn ien kear sjen kinst wêr ast hinne moatst dizze simmer.
4 o/m 7 augustus
De Veenhoop
Kosten: fan € 5,- ôf
http://www.veenhoopfestival.frl
Minsken dy't De Hûnekop, De Doelleazen en Vangrail yn harren playlist stean hawwe kinne nei it Veenhoop Festival! Fjouwer dagen lang kinst genietsje fan de bêste rockmuzyk út Fryslân. Mar ek thrash metal út Amearika, want de organisaasje boekte Megadeth as haadakt op sneontejûn. En fansels meie De Suskes, Jack Bottleneck en Jannes net ûntbrekke. Mei oare wurden: muzyk foar alle smaken!
11 en 12 augustus
Ljouwert (Aldehoustertsjerkhôf)
Kosten: fan € 37,50,- ôf
http://intothegrave.nl
Bist do krekt as Willem Wâldpyk in echte metalfan? Dan meist Into the Grave fansels net misse. De rûchste metalbands komme ek dit jier wer nei Ljouwert. Sitst al flink oan it bier, dan kinst dêr ek oernachtsje, want der is wer in kemping foar de echte rûchhouwers.
16 o/m 20 augustus
Ljouwert (Griene Stjer)
Kosten: fan € 80,- ôf
http://www.psy-fi.nl
Foar de minsken dy't yn hegere sferen komme wolle: it Psy-Fi festival. It dekôr fan Welcome to the Village is opromme om plak te meitsjen foar dit psychedelyske feest. Der is muzyk lykas Balkan beats, reggae en psychedelyske techno, mar ek kinst workshops folgje oer yoga, it frijmeitsjen fan de siel en astrology.
19 en 20 augustus
Tytsjerk (Vijversburg)
Kosten: fan € 8,50 ôf
https://www.imaginarium-festival.nl
Leafhawwers fan fantasy en midsiuwen kinne har útlibje yn Imaginarium te Tytsjerk. Fan metal- en folkmuzyk oant re-enactment fan ferskillende fantasy en midsiuwske settingen. Der binne Noarmannen (Fikings) dy't demonstrearje hoest fjochtsje moast en sjen litte hoe't se libben en der is in toernoai dêr't de stoerste ridders sjen litte dat se de bêste binne. Dus sliepst do faker yn in maljenkolder as yn in pyama? Kom nei park Vijversburg!
31 aug. o/m 2 septimber
De Lemmer
Kosten: fan € 40,- ôf
http://www.glemmerbeach.nl
Bist do in echte badgast? Dan kinst do Glemmer Beach net foarby gean litte! Trije dagen lekker mei de teannen yn it sân, wylst harkje kinst nei artysten lykas Golden Earring, Anouk en Guus Meeuwis. Mei dizze brede line-up is der foar alle soarten badgasten wol wat aardichs.
31 augustus o/m 3 september
Flylân
Kosten: fan € 20,- ôf
http://www.intothegreatwideopen.nl
See en muzyk wurde kombinearre op Flylân op Into The Great Wide Open. Mei de see op de eftergrûn en alternative popmuzyk is it genietsjen. Neist muzyk is der ek noch keunst te besjen en ek kinst op ‘en paad troch de moaie natuer. De kaartsjes foar folwoeksenen binne al lang útferkocht. Ast der noch supergraach hinne wolst, sjoch dan op Ticketswap of Marktplaats. Foar 4- o/m 17-jierrigen binne noch in pear tickets.