Stim Elske nei it Metropole Orkest

31 jul 2017 - 15:34

Foar in soad artysten is in nûmer opnimme mei it Metropole Orkest in dream. Sjongeres Elske DeWall wol dat ek stomme graach. Dêrom docht se mei oan in wedstriid wêrby"t se troch publyksstimmen in optreden winne kin. Elske stiet no op plak 11. Dat hat ek wol plak 8 west. Mar se wol heger op de list komme. Stimme kin oant tiisdei 12 oere op de webside www.mo.nl/met

"Ik haw ferline wike myn Facebookfreonen oproppen om te stimmen, seit Elske. En dat hawwe se ek dien, want ik stie op nûmer 29 en stean no op nûmer 8. Ik tink dat oare artysten harren achterban ek oproppen hawwe om te stimmen." En no stiet Elske wer leger op de list.

Mear e-mail-adressen? Faker stimme

Der mei per e-mail-adres stimd wurde, dat as minsken mear mailadressen hawwe, kinne se faker stimme. Der komt dan wol in berjochtsje werom mei it fersyk de stim te befêstigjen. "Dat is noch wol even in ekstra hanneling, mar it moat wol", seit Elske.

Waarme tekken

"Ik haw twa kear mei it Metropole Orkest spile. Ien kear op North Sea Jazz mei Jonathan Jeremiah en in kear op in Rolling Stones-tribute. Ast soundcheckst, fernimst hoe goed oft it orkest is. Ik haw letter de opnamen weromheard en it is gewoan in wrâldorkest. Sy hawwe echt mei wrâldstjerren spile. It fielt as in waarme tekken om dy hinne."

"Ik fyn alle nûmers bêst"

"Hokker nûmer ik it leafst opnimme wol? Dêr haw ik noch net echt oer neitocht. Ik haw net ien nûmer dat ik hiel graach sjonge wol. Wat fan Whitney Houston of in eigen nûmer soe ek in hiele eare wêze. Mar it sil wol yn oerlis gean wat nûmer oft it wurdt, ast útkeazen wurdst. Ik fyn eins alles bêst", seit Elske laitsjend.

Oprop en dikke tút

Der is noch wol tiid om Elske heger op de list te krijen, as is it minder as 24 oeren. "Leave Friezen", sa begjint Elske har oprop. "As jimme it leuk fine dat ik wat mei it Metropole Orkest in nûmer opnim, dan freegje ik jimme om noch ien kear op my te stimmen. Alfêst betanke en in dikke tút."

Yn de list stean noch mear Fryske artysten. Scrum, Hessel en Tess, Danny Panadero en Soli Brass Band út Ljouwert dogge ek mei

(Advertinsje)
(Advertinsje)