Draakjefleanferiening Wynpûst hâldt op te bestean

31 jul 2017 - 14:24

De Drachtster draakjefleanferiening Wynpûst hâldt op te bestean. En dat wylst sy koartlyn noch in feestje hienen foar it 25-jierrich bestean. De klup hat noch mear as hûndert leden; ek bûten Drachten. Sy fleane mei selsmakke draken en litte harren kreaasjes oeral sjen. Mar de jongeren litte it wat ôfwitte, wêrtroch't de Wynpûst fergrizet.

Neffens Henk Boelens fan de feriening witte jongeren mar kwalik wat in naaimasine is en komme sy noch mar kwalik bûten. De tablet, de laptop en mooglik ek noch de drone winne it fan it draakjefleanen. In oare oarsaak is dat noch mar in relatyf lytse hurde kearn fan leden aktyf is yn de feriening. In soad leden fleane noch wol, mar dogge dat net yn ferienigingsferbân.

It oantal minsken wêrûnder Boelens sels giet wol fierder as Team Fryske Draeken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)