Fjochterij op Nieuweburen

27 okt 2011 - 11:05
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa manlju sûnder fêst wenplak oanhâlden, omdat se belutsen west hiene by in fjochtpartij.

De plysje hie in melding krigen oer fjochterij op de Nieuweburen. Doe't se te plak kamen, troffen se de man dy't belle hie. Dy sei dat er mishannele wie troch twa manlju. Dy waarden koart dêrnei oppakt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)