Hearrenfeanspits Henk Veerman wol nei FC Utrecht

31 jul 2017 - 13:47
Henk Veerman - Foto: Martin de Jong

Henk Veerman wol nei FC Utrecht. De spits fan Sportklup Hearrenfean spilet no foaral as ynfaller by Hearrenfean. Utrecht hat neffens Veerman syn saakwaarnimmer al in bod dien. Technysk direkteur Gerry Hamstra fan Hearrenfean befêstiget dat, mar hy wol der fierder neat oer kwyt. Neffens Hamstra binne Utrecht en Hearrenfean net yn ûnderhanneling. "Henk is een goede eredivisiespits en er zijn wel meer clubs die interesse hebben in Henk." Utrecht hat al in bod dien fan 700.000 euro.

Veerman kaam yn 2015 fan FC Volendam nei SC Hearrenfean. Hy spile oant no ta 47 wedstriden en skoarde 11 kear, mar foaral as ynfaller. Reza Ghoochannejhad hat in basisplak en Veerman spilet foaral as ynfaller yn de spits. Utrecht hat ferline seizoen Sebastian Haller ferkocht en de Deenske spits Simon Makienok oanlutsen. Dy is no lykwols blessearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)