Kleanwinkel The Sting Ljouwert koarte tiid ûntromme

31 jul 2017 - 13:01

Kleanwinkel The Sting yn Ljouwert is oan it begjin fan de middei ûntromme west fanwege in trochbaarnd stopkontakt. Der ûntstie in soad reek, wêrnei't de klanten en de meiwurkers it gebou út moasten. De brânwacht rukte manmachtich út, mar hoegde net te blussen. Wol hat de brânwacht kontrolearre oft it feilich wie. Dêrfoar is in stuk fan de muorre fuorthelle. De winkel is dêrnei fentilearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)