Bouwgroep Dijkstra Draisma set yn op ierdwaarmte

31 jul 2017 - 12:55

Bouwgroep Dijkstra Draisma sil ynkoarten in fergunning oanfreegje om yn de boaiem by Snits nei ierdwaarmte te sykjen. Mei dy ierdwaarmte kin in diel fan de bedriuwen en ynstellingen lykas it Antonius sikehûs yn de stêd duorsum ferwaarme wurde. As alles goed giet, kin de ierdwaarmtesintrale binnen trije jier draaie.

Boaiemdelgong of ierdbevings lykas by it winnen fan gas it gefal is, is by it winnen fan ierdwaarmte net oan 'e oarder, seit Jan Haakma fan de bougroep. Neffens him wurdt der allinnich waarm wetter oppompt, dat dêrnei wer werom pompt wurdt. Der feroaret dus neat oan de druk yn de boaiem.

Bouwgroep Dijkstra Draisma set by Snits in waarmtesintrale del. Dy sil earst bedriuwen en ynstellingen ferwaarmje. Mocht it oanslaan, dan komme dêrnei ek de huzen oan de beurt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)