Steatsboskbehear giet wer striid oan mei wettercrassula

31 jul 2017 - 11:36
Watercrassula - Foto: Steatsboskbehear Skylge

Steatsboskbehear op Skylge set alles op alles om fan de wettercrassula ôf te kommen. Yn de striid tsjin dizze wetterplant wurdt it brûken fan gemyske bestridingsmiddelen net útsletten. De eksoatyske wetterplant wie ferline jier al oantroffen yn in dúnfallei by Midslân oan See. De oanpak om der mei sâlt wetter fan ôf de kommen, is doe mislearre.

It plantsje, dat der útsjocht as einekroas, wreidet him bot út en bringt seldsume ynheemske soarten yn gefaar. As it plantsje net oanpakt wurdt en yn sleatten telâne komt, soe ek de lânbou der bot lêst fan krije kinne. In spesjalisearre bedriuw bringt no yn kaart hoe't de wetterplant it bêste bestriden wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)