Slachtoffer deadlik ûngelok N31 is man (25) út Ljouwert

© AS Media
De man dy't moandeitemoarn omkaam by in ûngelok by Werpsterhoeke is in 25-jierrige ynwenner út Ljouwert. Dat hat de plysje bekend makke. De man wie fanút de rjochting Marsum ûnderweis nei Drachten. Hy rekke op in fiadukt by Werpsterhoeke mei syn auto de fangrail en foel nei ûnderen op it spoar. De man ferstoar op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûningen.
De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de krekte tadracht. De dyk, de N31, is foarearst noch diels ôfsletten fanwege in spoedreparaasje. It treinferkear rydt yntusken wer.