N31 wer efkes ticht fanwege spoedreparaasje

31 jul 2017 - 10:39
Foto: AS Media

De N31 by Wurdum is wer efkes ticht yn ferbân mei werstelwurksumheden. Moandeitemoarn betiid ried in auto by Wurdum fan it talúd en bedarre op it spoar. De bestjoerder kaam by it ûngelok om it libben. De fangrail rekke swier beskeadige en wurdt op dit stuit reparearre.

De spoedreparaasje duorret oant tolve oere ferwachtet de VID. Ferkear kin wol fan Ljouwert nei It Hearrenfean, mar net fan Ljouwert nei Drachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)