Jongerein jaget Skylger fee op
De plysje op Skylge hat in groep jongerein beboete foar it opjeien fan fee. De groep fan trettjin jongeren gong by Formearum it lân yn en jage it fee op. Dat rekke dêrtroch yn panyk en sloech op 'e rin. Der is tsjin alle trettjin jongeren fan de groep proses-ferbaal opmakke.