N31 by Wurdum tydlik ticht troch deadlik ûngelok

31 jul 2017 - 06:14

Op de Werpsterhoeke by Ljouwert hat moandeitemoarn in deadlik ûngelok west. In auto rekke op de N31 by Wurdum fan it talúd en kaam op it spoar telâne. De auto fleach dêr yn de brân. De plysje trof ien persoan yn de auto oan, dy't ferstoarn wie.

De N31 út de rjochting fan Harns is diels ôfsletten; ferkear wurdt omlaat oer de A7 en A32 en moat rekken hâlde mei opûnthâld oant 10.00 oere. Troch it ûngelok ride der ek gjin treinen tusken Ljouwert en Grou, mar dat wurdt stadichoan wer oppakt. Reizgers wurde yn de tuskentiid mei bussen ferfierd.

(advertinsje)
(advertinsje)