Talant ûndersiket mooglikheid fan fêstiging yn Bûtenpost

30 jul 2017 - 23:01
De lokaasje fan Talant op It Surhústerfean - Foto: Google Streetview

Yn Bûtenpost komt mooglik in fêstiging fan soarchorganisaasje Talant. Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Achtkarspelen ûndersiket de organisaasje oft der ynvestearre wurdt yn in lokaasje yn Bûtenpost.

Begjin dizze moanne makke Talant noch bekend dat de fêstiging op It Surhústerfean foar wenjen en deibesteging op termyn ferdwine sil. Troch de ferâldere húsfêsting kin de organisaasje net mear foldwaan oan de kwaliteitseasken fan de soarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)