SC Hearrenfean spilet lyk by oefenwedstriid yn Eastenryk

30 jul 2017 - 20:27

Sportklup Hearrenfean hat sneintejûn yn Eastenryk lyk spile yn de oefenwedstriid tsjin de Turkse ploech Trabzonspor. Yn Eggendorf bleau it nei njoggentich minuten 0-0 tusken de twa ploegen. Hearrenfean hie wol in pear goede kânsen, mar sawol Zeneli as Mihajlovic krigen de bal net yn de goal. It wie foar sportklup Hearrenfean it sânde oefenduel yn de tarieding op it nije seizoen.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Dumfries, Hoegh, Van Aken, Pierie, Schaars, Thorsby, Kobayashi, Zeneli, Reza, Ødegaard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)