Takostu en Pasveerkorps wrâldkampioenen by WMC

Showband Takostu fan Stiens is snein op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade wrâldkampioen wurden op it ûnderdiel marsparade. De muzikanten krigen fan de sjuery genôch punten om de gouden medalje feilich te stellen. De komplete top trije wienen orkesten út Fryslân. Twadde waard Drum en Showfanfare Advendo en tredde it Pasveerkorps fan Ljouwert. Showband de Sternse Slotlanders behelle in sânde plak yn it totaalklassemint.
Ek it Pasveerkorps fan Ljouwert is wrâldkampioen wurden, sy dienen dat op it ûnderdiel show. Advendo fan Snits moast tefreden wêze mei in tsiende plak. Showband Takostu waard op dit ûnderdiel tolfde, De Sternse Slotlanders einigen úteinlik op it achttjinde plak.