Brân op De Gordyk oanstutsen

30 maaie 2012 - 14:51

De brân fan tiisdei op de boargemaster Harmsmaskoalle op e Gerdyk is mooglik oanstutsen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de technyske resjerzje. Woansdeitemoarn hat de direkteur oanjefte dien by de plysje. De brân ûntstie yn it technykhok, dêr't op dat stuit trije leerlingen oan it oprêden wiene.

De plysje hat de saak yn ûndersyk. Der is al praat mei tsjûgen. Nije wike ûnderfreget de plysje de fertochten.

Trefwurden: 
brân Harmsmaskoalle
(Advertinsje)
(Advertinsje)