Partoer Bergsma wint haadklassepartij yn Arum

30 jul 2017 - 18:20

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Patrick Scheepstra hat sneintemiddei de haadklasse frije formaasjepartij yn Arum op syn namme skreaun. Yn de finale waard mei 5-3 en 6-6 ôfrekkene mei it partoer fan Durk Ennema, Erwin Zijlstra en Laas Pieter van Straten. Zijlstra waard healwei de keatserij de ferfanger fan de blessearre Pieter van der Schoot. De lytse preemje wie foar Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar.

Woansdei stiet yn Frjentsjer de 164ste PC keatspartij op it programma op It Sjûkelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)