Jonge see-earn fljocht al goed troch De Alde Feanen

31 jul 2017 - 06:00

De jonge see-earn dy't by De Alde Feanen op in geheime lokaasje berne is, kin al behoarlik fleane. Binnen no en sa'n twa wiken ferlit de fûgel it nêst definityf, sa is de ferwachting. De see-earn is no tolve wiken âld en hiel goed op gewicht. Dêr liket foaral it wyfke ferantwurdlik foar te wêzen, want de heit is in jager fan neat, sa lit Sip Veenstra fan it Fryske Gea witte.

It Fryske Gea hat de lokaasje geheim hâlden en bliuwt dat ek dwaan om foar te kommen dat de boel fersteurd wurdt. Dêrfoar binne stekken en kamera's ynsetten. Dy hawwe fertuten dien. Sa hawwe der minsken west dy't der dochs de hûn útlitte woenen. Dêrfoar binne sy op 'e bon slingere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)