Snitser Vaurienfroulju mei oermacht wrâldkampioen

30 jul 2017 - 13:37

De Snitser Vauriensylsters Femke Yntema en Keeti Neijman binne wrâldkampioen wurden yn de frouljusklasse. Op it WK yn yn Poalen ha se de oare fiif frouljusboaten achter har holden. Op de lêste dei fan it kampioenskip stienen se der sa goed foar, dat se de lêste wedstryd eins net mear hoegden te silen om wrâldkampioen te wurden.

Yn it algemien klassemint, dêr't ek de mannen oan meidogge, binne de Fryske froulju einige as achtste. Yn totaal diene der 63 boaten mei, út 10 lannen. Bêste Nederlanners wienen Jelmer Yntema - de broer fan Femke - en Timo Gruis út Ljouwert. Dy waarden fyfde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)