Nyck de Vries rydt alwer it poadium op yn Hongarije

30 jul 2017 - 12:27
Nyck de Vries (hjir op argyffoto n Monako) - Foto: ANP

Autokoereur Nyck de Vries (22) fan Snits hat opnij in podiumplak te pakken yn in wedstryd fan de Formule 2 yn Hongarije. Krekt as sneon is De Vries snein tredde wurden.

Even op it twadde plak

Hy starte op it sechde plak, mar wie fuortendaliks goed fuort. Hy helle direkt twa oaren yn. Even lei de Fries sels op it twadde plak, mar yn de ien-nei-lêste ronde kaam de Brit Oliver Rowland him foarby. Dy waard twadde. As earste einige Nobuharu Matsushita út Japan.

Wrâldkampioenskip

Troch it tredde plak stiet De Vries no achtste yn de stân fan it wrâldkampioenskip. Ein augustus binne de earstfolgjende races, op it Belgyske sirkwy fan Spa-Francorchamps.

Heech nivo

De Vries rydt al jierrenlang op heech nivo. Yn 2011 waard er foar de tredde kear op rige wrâldkampioen karten, en yn maaie fan dit jier wûn er de Formule 2-race yn Monako.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2 racen
(advertinsje)
(advertinsje)