Jonge fytser (17) rekket yn sikehûs nei botsing mei buske

De Doniawei yn Damwâld © Googgle Maps
In jonge fan 17 jier út de gemeente Dantumadiel is ferwûne rekke by in ûngelok yn Damwâld. Op de Doniawei fytste er sneontejûn tsjin in parkearde bestelbus.
Foarbygongers seagen him op 'e dyk lizzen en warskôgen de helptsjinsten. De jonge is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hy hie ûnder oare ferwûnings yn it gesicht. De plysje ûndersiket wat de tadracht wie fan it ûngelok.