Ljouwerter sjocht live hoe't der by him thús ynbrutsen wurdt

30 jul 2017 - 10:50
In bewakingskamera - Foto: Plysje

De bewenner fan in hûs yn Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein twa mannen dy't by him ynbrutsen op 'e die trapearre, wylst er net iens thús wie.

Op syn telefoan seach er de ynbrekkers op bylden fan in befeiligingskamera dy't er yn it hûs ophong hie. De man belle fuort en daliks mei 112. Doe't de plysje kaam, besochten de beide ynbrekkers noch út te naaien, mar dat slagge net.

De mannen hienen in rêchtas by har, mei sieraden, in laptop, en ynbrekkersark. Dat guod is yn beslach naam. De plysje hat de ynbrekkers yn de boeien slein. It giet om twa mannen út Ljouwert, fan 32 en 33 jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)