Kij moatte wike foar fûgels yn Lauwersmargebiet

30 jul 2017 - 10:07
Ljip - Foto: Omrop Fryslân

It natoergebiet oan de westkant fan de Lauwersmar wurdt geskikt makke foar steltrinners en fûgels dy't yn it reid briede. De Bochtjesplaat by Iezumasyl is 50 bunder grut, en wurdt oant no ta beweide troch fee fan boeren út de omjouwing.

De Bochtjesplaat is drûchfallen doe't it Lauwersmargebiet yn de jierren '60 fan de Waadsee ôfsletten waard. It is ien fan de belangrykste fûgelgebieten fan Europa. In part fan de plaat wurdt ôfgroeven, en it wetterpeil komt heger, sadat steltrinners der libje kinne. Foar kuierders komt der in saneamd learzens-paad, mei twa útsjochpunten.

It wurk sil begjin augustus úteinsette. As it waar meisit, is it dit jier noch klear. In part fan it wurk wurdt betelle troch de provinsje Grinslân.

(advertinsje)
(advertinsje)