Ekstra bussen moatte PC-publyk hinne en wer ride

30 jul 2017 - 09:49
In folle tribune sjocht nei Cornelis Terpstra op de PC fan 2013 - Foto: ANP

Ferfiersbedriuw Arriva set woansdei foar de PC yn Frjentsjer ekstra bussen yn. It keatsfjild is fia fjouwer ferskate rûtes te berikken mei de bus. Kaarten kinne yn it foar online besteld wurde of gewoan by de bussjauffeur kocht wurde.

De tariven foar de pendelbussen lizze tusken de 5 en 9 euro. Yn de bussen jildt de OV-chipkaart net. In kertier nei ôfrin fan de finale fan de PC, begjint de earste pendelbus te riden foar de weromrit.

Trefwurden: 
Arriva PC keatsen bus
(Advertinsje)
(Advertinsje)