FIDEO: De camper is op de Ballonfeesten
De camper fan Omrop Fryslân rydt de hiele simmer troch de provinsje. Alle dagen binne ús ferslachjouwers op in oar plak te finen. Sneon stie de camper by de Ballonfeesten op De Jouwer. Op it terrein is it grut feest want it is bernemiddei. Us ferslachjouwers dûke ek de merke noch yn. Sjoch foar alle foto's, filmkes en radiobydrages fan de camperploech op www.omropfryslan.nl/camper.