Muzykkorps Jong Advendo wrâldkampioen

29 jul 2017 - 21:52
Jong Advendo

Muzykkorps Jong Advendo is yn de earste difyzje op it Wereld Muziek Concours (WMC) yn it Limburchske Kerkrade wrâldkampioen wurden. Sawol op it ûnderdiel marsparade as op it ûnderdiel show hellen de beloften fan de muzykferiening út Snits it heechste oantal punten yn harren difyzje. Jong Advendo kaam sels ferline wykein al yn aksje, mar hearde sneon pas nei de optredens fan de konkurrinten dat se it kampioenskip binnenhelle hiene.

It 'grutte' Advendo komt snein noch yn aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)