Oranjefroulju nei heale finale

29 jul 2017 - 20:47
Foto: ANP

It Nederlânsk frouljusalvetal mei Friezinne Sherida Spitse hat mei 2-0 wûn fan Sweden yn de kwartfinale fan it EK.

De skoare waard iepene troch útblinkster Lieke Martens, en yn de twadde helte makke eks-Hearrenfeanspylster Vivianne Miedema de 2-0 út in foarset fan Shanice Van de Sanden.

De twa oare Friezinnen yn de seleksje, Sisca Folkertsma en keepster Loes Geurts, kamen net yn aksje.

Tongersdei spilet Nederlân de heale finale yn Enschede. Kaartsjes binn dêr al net mear foar te krijen. De finale, dy't snein yn Enschede is, is ek al útferkocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)