Arends en Haase ûnderút yn heale finale ATP-toernoai Gstaad

29 jul 2017 - 20:21
Sander Arends yn aksje op Wimbledon - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Tennisser Sander Arends is net fierder kaam as de heale finale by it ATP-toernoai yn it Switserske Gstaad. De Ljouwerter spile foar it earst mei Robin Haase. Yn de heale finale ferlearen se fan de as fjirde pleatste Jonathan Eysseric en Franko Skugor mei 6-3 en 6-4. Arends en Haase krigen gjin inkel breakpoint en wiene dan ek kânsleas.

Haase hie krekt dêrfoar ek al de heale finale spile yn it enkelspul. Dy ferlear hy nei in lange trijesetter fan Hanfmann mei 3-6, 7-6 en 7-6.

Ferline jier helle Arends ek al de heale finale yn Gstaad. Dat wie doe syn beste prestaasje ea. Ferline wike helle hy yn it Sweedske Bastad foar it earst de finale fan in ATP-toernoai. Arends is no 139e op de wrâldranking en sil no wer wat plakken omheech gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)